It is moai waar, it sintsje stiet heech oan’e loft. It is mooi keatswaar.
Mei it sporttaske oerdwers op’e pakjedrager komt de earste keatser der ol oanfytsen.
Hy is mar op’e fyts kaam want ju witte mar noait…..
It fjild leit der wer moai hinne. Wa soe der foar soarge ha?
Hastich strûpt er it klaaihok yn. Ek hjir is it wer moai skjin.
Nei de partij fan foarige wike wie it in grutte binde.
By wa soe er lotte ha? De list hinget al yn’e kantine.
Wa soe foar it lotsjen en de list soarge ha?
Rap betellet er fiif gûne en stapt it fjild op, klear foar de striid.
Wêr binne de ballen? Wa moat de keatsballen meinimme?
Lokkich, dêr is al ien mei de ballen, no kin er him moai rêstich ynslaan foar de keatspartij.
Gjin geseur oan’e holle. Hy hat goed lotte, moaie maten.
Dit wurd in gesellige dei. De earste partij is in makje.
Einliks ha hja net iens toarst krigen mar dochs mar om in bakje koffie.
Ja, de koffie is ek wer klear. In broadsje derby smakket ek wol. Wat ha we it hjir skoan.
Straks mar in gehakbaltsje. “Kom op maat, wy matte der wer foar”
Hja binne goed op dreef, de finale komt yn sicht.
Nei moaie middei keatsen winne hja de krâns.
Hy hie se al yn de kantine hingjen sjoen.
Wat binne se moai. Wa soe dy makke ha?
It partoer stapt fan it fjild. Earst mar efkes “in kâlden”.
Soe it fjild ek opromme wurde moatte?
Och, der wurdt ek wol mei rêden.
Yn de kantine is it smaordrok.
De minsken efter de bar kinne it hast net foarbliuwe.
Eltsenien hat toarst, it is ek soks moai waar.
Guon oan’e bar begjinne ol wer te seuren, it bier is net kâld.
Kin der ek efkes ien om kâld bier? Der is ol ien ûnderweis.
Stil efkes, de priisútrikking. Wat in moaie prizen. Eltse kear wer wot oars.
Der sil ek wol wer ien om fourt west ha.
It wurdt mûs-stil. Sjirk sil oan’t wurd.
Eltsenien wol dêr wol efkes nei harkje.
Hy kin it sa moai fertelle. No is it harren beurt om nei foaren te kommen.
De krâns wurdt him om’e nekke hongen en hy wint ek nog in pak fleis. Hy hat in goeie dei.
Miskien komt er ek noch wol yn’e krante. Hoe komt de krante oan dy útslaggen?
Hy kin it allegrearre net mear betinke. Miskien hat er ien te folle hâwn.
It wurdt tiid om nei hûs te gean.
Mei de krâns om’e nekke en de sporttas oerdwerd op de pakjedrager fytst er nei hûs,
syn dei wie goed.
Efkes tinkt er oan al dy minsken dy’t it elke kear wer mooglijk meitsje dat hy sa moai keatse kin.

út it keatsblêdsje fan 1999