Tradysjes binne der om yn eare te hâlden sa ek it Aldjiers tipeljen by Sla Raek. Ek dit jier kamen der sa’n twintich minsken op sneon 30 desimber nei it keatsfjild om oan dit al iuwen âlde spultsje mei te dwaan. En nee dit is net allinne foar mannen ek trije froulje wiene fan de partij.
Besletten waard om trije teams te foarmjen. Dit kaam moai út, elk team hie no in frou as ‘kopfrou’ dy’t hun eigen team by elkoar keazen. Rûn healwei fjouweren wie it moai west en war de belâns opmakke. Foar elkenien wie der een fleispriis dizze waarden útrykt troch Johannes en Renze

Sa’n fiifentwintich jier lyn is der troch Berend Visser in ‘oanmoedigings’ wikselpriis yn it libben roppen. Dizze priis wurdt elk jier útrykt oan diegene dy’t op wat foar manier in tipel oanmoediging nedich hat. Dit jier wie dy foar Dikkie Kooistra.

Priiswinners
1e Priis: Team Baukje 1860 punten
Baukje Hellinga, Dikkie Kooistra, Gosse Hellinga, Arjen Soepboer Minne Kooistra, Klaas Lijzenga en Steven Zwart.

2e Priis: Team Sjoukje 1495 punten
Sjoukje Kooistra, Renze Bloem, Jelle Wolters, Keimpe Ruurd Wijbenga, Johannes Bloem en Hendrik Leegstra.

3e Priis: Team Jantina 1190 punten
Jantina Rozema, Eelko Wolters, Peter van der Mossel, Sietse Haisma en de gebroeders Harrie, Johannes en Tsjibbe van der Zwaag.

Oanmoedigingspriis:
Dikkie Kooistra