It tipeljen yn de Wâlden troch de jieren hinne.

tipeljenIt moat yn de 30er jieren fan de forige ieuw west wêze, der waerdt tipele fan moarns ier oant jûns let.
It wy de tiid fan krisis en earmoed en húshaldings fan tsien minsken en mear wie gjin útsundering. Wurk wy der by it winter net, en in útkearing wie der allinnich foar de kostwinner. En at se dan ek noch in mollehountje hienen, dan waerden se kwart, want dêr wie jild mei te fertsjinjen. Der waer dan ek fuleindich om de pear ynleine sinten spile. En at jo dan op ’e ein fanne wyke in pear dûbbeltsjes wûn hiene, koene se in pear bôlen keapje wat in luxe wie. Dei’s twa, trye kear ierappels wie gewoan.
Ik kin my noch wol foar de geast helje, dat dy âlde mannen sa’n fyftich jier lyn net om in gûne tipelje wûne. Jim giene net mei ús AOW fuort waardt der dan sein. Mar hawar de tiiden binne better, en it tipeljen giet troch op it keatsfjild fan Broeksterwâld.It giet net mear om jild mar ferlieze wol net ien. Sjoerd is hjir in foarbyld fan. Hy is ek de grutte animater, ik tink dat sûnder him it tipeljen net mear bestien hie. Mannen lyk as Jan Willem, Femme, Gerard, âlde en jonge Freerk en lange Foeke binne no de stjerren. Hindrik net te ferjitten dy’t alles heindt wat by him yn de buurt komt. Mar ek de digjingen dy’t noait misse. En dan fansels nei de tiid noch efkes yn ‘e kantine nei prate. Foar ús leit wer in keatsjier, in jier dat we de haedklasse party wer op ’e aginda hawwe. Us haedklasser Johan sil der net by wêze, hy sieket syn gelok yn België.Ik winksje him der in protte sukses ta.
At we ea wer san goeien ien krye is ôfwachtsjen. Mar jonge jonges lyk as Erik en Jesse en noch folle mear soe ik sizze troch sette. Wa wit!!
Fjirder wol ik jim in sportief en moaie simmer tawinskje.

Freunlike Groetnis Gjalt. (artikel keatsblêdsje 2011)

 

Ferslach aldjiers tipeljen edysje 2007 troch Gjalt

Nei in foarbereiding dy’t neat te winskjen oerliet, troch de Hr. Sj. Pietersma, tige by tige.!
No it tipeljen, it waar wie goed en der hienen har in 26 fammen en mannen oanmeld. Nei it kiezen ontstienen de folgjende trije partoeren.

Sjoerd Pietersma
Johan fan Ike, Jan Postma, Klaas, Keimpe Sjoerd, Gosse, Sietse, Renze. 1e mei 2945 punten.
Berend Visser
Johannes Bloem, Eelke, Freerk Haisma, Dikky, Pieter, Jan Wijnsma, Feike, Erwin. 2160 punten
Lange Foeke.
Johan G, Louw, Sjoukje, Berber, Heerke, Gerard, Hendrik, Gjalt. 2145 punten

It is dúdlik dat Sjoerd en syn maten der dizze kear wat útrûnen, best genôch. Berend en Foeke wie stiif party. Berend wûn mei lyts ferskil de twadde priis. Foeke en ha dus lêste, ik sels hie der wol fertrouwen yn, mar it lukte harren net. Sa sjogge je mar wer, de sterkste op papier net altyd wint. Dat de jongere tipelders it sa stadich oan oernimme is wol te dúdlik. Freerk Haisma is dit jier heilendal trochbrútsen.
In waardich opfolger fan syn namme genoot. Freerk Peterson dy ’t him de lêste tiid net sa faak mear sjin lit. Freerk it wurdt wol es wer tiid. De oanmoedigingspriis wie dit jier ek foar in jonge tipelder, Eelke Wolters. Ek in belofte, oan it smiten fan ‘e stôk kinst wol sjin dat der fier kin. De fammen wiene net swier ferstjintwurdige, mar se hawwe har goed ward. Us freon Sjirk Fokkens wie der dit jier net by, syn soenens lit him soms wat yn é steek. Mar hy hat inmiddels in hulpke krige (pacemaker) wy hoopje dasto der gau wer by binst. Sterkte tawinske. De priizen beskikber stelt troch in grut oantal stipers mei as haadstiper Bauke Talsma. Sjoerd hat de priizen útrikt. De musiek spielle al en ik moat sizze dat de froulje út Stiens de sfeer der geweldich yn hiene. Tige by tige. Sa wie de jûne gau om en no as de dagen wer wat langer wurde is it tipeljen hast wer dien en geane wy wer oer op it keatsen. Ik winskje dan ek de keatsers ûnder ús en foaral ús PC kening in protte sukses ta. Mar boppe al plesier en soenens.

Gjalt.
(artikel keatsblêdsje 2008)

 

Ferslach aldjiers tipeljen edysje 2006 troch Gjalt

Sportfreonen.

De sneon foar âldjiersdei hawwe wy ûnder prachtige waarsomstandigheden ús traditsjenele tipelwedstriid wer hâwn. De opkomst wie wer tige by tige. De opset wie in bytsje oars as oare jieren. Dit jier waarden er fjouwer ploegen formère, ploech ien Foeke Oberman syn ploech, tipele stjin twa Gerard Wijnsma, trije Femme Haakma stjin fjouwer Berend Visser.Wa oan it skoft ta de measte punten hie kaam in ‘e finale. Dat lefere de folgende finale op. Foeke Oberman tsjin Femme Haakma, om de tredde en fjirde priis tipelden Gerard Wijnsma tsjin Berend Visser.

Femme behelle de earste priis, dat koe hast net oars, Femme mei de beide Freerken. Mar it moat fansels earst wol efkes gebeure. Foeke Oberman mei syn maten hawwe der wol foar fochten mar krekt net. Twadde is ek mooi. Dan de tredde priis foar Berend Visser en syn ploech, as hy yn ‘e earste party wat jierder de efterfolging yn set hie wie der yn ‘e finale kaam, no dus de treast finale, tredde priis. Fjidde en lêste Gerard Wijnsma syn ploech, ik tink in bytsje ûngelokkich, ek omdat Johannes Reitsma bleseare ôffierd waard. Jongens as Eelko dy’t no ien fan ús bêste tipelders is, hie op âldjiersdei noch te min erfaring. Kwartier oer fjouweren wie it dien. Toen wy yn ‘e kantine kwamen spile de musikant al. Sjoerd Pietersma wie dit jier selfs net oanwêsich mar hie alles goed foar elkoar wat de sponsors betreft. Berend Visser rikte de prizen út en hy hie swoarge foar in krease assistinte die’t him holp, wat goed in ‘e smaak foel by de tipelders. De fleisprizen seachen der goed út, mei tank oan headsponsor Bauke Talsma fan Damwâld. Ek dit jier waard de oanmoedigings priis wer útrikke, ferline jier wûn Jan Wijnsma dizze priis en ik haw him toen neamd as de bêste foarbyld tipelder. Dit jier nei it tellen fan de stimmen die blieken dat Ruurd Leegstra dizze priis mei nei hûs ta nimme mocht. Hy is de fiifde winner fan dizze trofé. Sa as jimme wol witte, hat Ruurd ferline jier slim siik west, mar hy is der wer by, net om te tipeljen mar it kaarten giet him wer goed ôf. Lokwinske Ruurd mei dizze priis.

Sûnder sponsors lukt dit fansels ek net. Bauke Talsma, Sla Raek, Berend, Jan, Teade, kantine Sla Raek, Nammen, Bert, Erik Bergsma, Alfred, De Pipegeal, Jan, Gerard, Jantsje, Sietse, Johannes, Harry, Freerk, Feike, Lammert, Klaas, Eelco, Johan, Johan, Sjoerd, Sjoerd, Gerry en Greetje, Renze, Sikko, Hendrik, Gjalt, Dicky, Femme, Keimpe, Sjirk, Steven en Jo tige tank. De musyk spile noch oant in oere as tsien. Ik hoopje as jimme der it oere jier wer by binne en ik winskje jim in mooi en sportief keats-simmer ta.

Gjalt
(artikel keatsblêdsje 2007)