Keningspartij 4 septimber 2021

BROEKSTERWÂLD – Sneon 4 septimber wie it wer tiid foar de keningspartij fan keatsklub Sla Raek . Wat in geweldige keatsdei, in dei mei prachtich waar en spannende wedstriden. Sponsors fan dizze keningspartij Boersma Metaal en RVS en Hoveniersbedriuw Sake van der Wal te Broeksterwâld.

A-Klasse
Yn de A klasse wie de winst foar it partoer fan Jan Dirk de Groot en Sytze Wiersma se wienen yn de “finale” te sterk foar twadde priis winners Jan Jelle Jongsma en André Folmer. De keningspriis A klasse gie mei 3 stimmen nei Jan Dirk de Groot

Priiswinners:
1e priis Jan Dirk de Groot(k) en Sytze Wiersma
2e priis Jan Jelle Jongsma en André Folmer

B-Klasse
Yn de B klasse wie de winst foar Jasper vd Veen, Berend Visser en Gert-Jan se wienen yn de finale te sterk foar it twatal Sierd Boersma en Jelmer vd Ploeg. De tredde priis wie foar Jesse Tjoelker, Sietse Haisma en Bauke André vd Wal. De keningspriis B klasse gie mei 3 stimmen nei Jasper vd Veen

Priiswinners:
1e priis Jasper van der Veen(k), Berend Visser en Gert-Jan Kazimier
2e priis Sierd Boersma en Jelmer van der Ploeg
3e priis Jesse Tjoelker, Sietse Haisma en Bauke André van der Wal

Dames
By de dames gie de winst nei it partoer fan Geertje Bijlsma, Petra Aafke Epema en Marieke Wielstra yn de finale wienen se te sterk foar it twatal en twadde priiswinners Jennifer Sikma en Nathalie Postma.De tredde priis by de dames wie foar Elly Bouius en Karin vd Zwaag. De keninginnepriis gie mei 3 stimmen nei Geertje Bijlsma.

Priiswinners:
1e priis Geertje Bijlsma(k), Petra Aafke Epema en Marieke Wielstra
2e priis Jennifer Sikma, Nathalie Eisma
3e priis Elly Bouius en Karin van der Zwaag