BROEKSTERWÂLD – Sneon 22 juni de earste keer doarpspartij foar de jeugd, keatse op it feestterrein mei in sêfte grutte bal. De bern foene it machtig. Nei ôfrin fan de jeugdpartij wie der foar olle bern patat en in moai baltsje om thús mei te oefenjen. De winnaars fan dizze earste edysje wiene Martijn Mossel, Tiny Fokkens en Niek Visser. De twadde prijs wie foar Jille Jongsma, Alys de Vries en Feline Bloem.