Sla Raek Archief logoBROEKSTERWÂLD – 5 September 1990 – Starichoan mear bern yn Broeksterwâld en de Falom hawwe niget oan it keatsen. It doarp hat sûnt in oantal jierren in eigen keatsfjild, it keatsspul kin dêrom yn it eigen doarpsfermidden syn gerak krije. Dit hat der by de lytsere doarpen yn Dantumadiel wolris oan!
Likegoed in moaie gelegenheid om foar de skoalle ‘De Wel’ ris te prakesearjen oer in keatswedstriid foar de skoallebern. Yn oerlis mei de keatsferiening ‘Slach Rekke’ is ôfrûne woansdei it skoallekeatsen hâlden. Trijensechtich bern hienen har opjûn en soargen foar 21 partoeren. Der waard keatst yn twa klassen, in B-klasse foar de jongere bern út groep 3,4 en 5 en in A-klasse foar de wat âldere jongerein út de groepen 5,6 en 7. Guon bern dienen foar it earst mei, oaren wienen al lid fan de keatsferiening en hienen wat mear ûnderfining mei it keatsspul. Likegoed, de begjinners bieten goed fan har ôf en lieten sjen dat der in protte talentfolle keatsers binne, dy’t fêst noch wat fan har hearre litte sille!
It waar wie ek tige bêst en soarge mei foar in noflike keatsmiddei. Wol wie it wat spitich, dat net sa’n protte âlden de bern oanmoedigen. Faaks is soks te witen oan de ûnkunde oangeande de Fryske keatssport en sil soks mei de jierren feroarje.

De útslaggen:
A-KLASSE:
Ferliezersomgong:
1. Marije Otter, Sietse Rozema en Tsjalling Plantinga
2. Antsje Veenstra, Sonja van der Heide en Jeroen van der Meer

Winnersomgong:
1. Steven Zwart, Freark Klaas Reitsma en Sietse Haisma(Tsjisse sn)
2. Sjoerd Johan Plantinga, Hendrik Leegstra en Betty Koonstra
3. Baukje Wolters, Gosse Dijkstra en Aafje Zwaagstra

B-KLASSE:
Ferlieseromgong:
1. Sietse Haisma(Frits sn), Sape Jan Rozema en Jeanette Beerda
2. Jan Visser, Sita Raap en Anneke Dijkstra

Winnersomgong:
1. Fokje Haakma en Dineke Mulder
2. Ricardo Visser, Gerda van Klaarbergen en Roelie Dijkstra
3. Jelle Boorsma, Jan Iede Boorsma en Eelco Wolters