20150424_193828-01 kopieYn Myn Klup binne wy dize wike yn Broeksterwâld om te tipeljen…

Tipeljen is in âld folksspultsje wêrby in ûngefear 10 sintimeter lang stikje rûnhout (de typ) mei in ûngefear 50 á 80 sintimeter lange stok (de tipelstok) sa fier mooglik fuortslein wurde moat. De tsjinpartij besiket de typ te fangen om dyjinge dy’t oan slach is sa ôf te meitsjen.
Wa’t de typ fangt komt sels oan slach. Slagget it net om de typ te fangen dan kin de tsjinpartij besykje de typ fan it plak dêr’t dy delkommen is, werom te smiten yn de tipelsône om sa oan slach te kommen. Yn guon farianten wurdt dy sône fan ûngefear in kante meter markearre mei kryt of in lint. Yn oare farianten is de tipelsône ien lingte fan in tipelstok fan de tipelstiennen ôf rekkene. It tal spilers is minimaal 2. Der is yn begjinsel gjin maksimum oan it tal spilers. De spulregels kinne fan plak oant plak ferskille.

Klik hjir foar it filmke fan Bynt